BinnenlandIt Nijs
Warnsbetinking oer de takomst fan it buorkjen
Ofsjoen fan de ‘Wylde Warnsbetinking’ fan de Jongfryske Mienskip yn 2021 hie juster foar de earste kear sûnt de koroanatichtplicht wer de offisjele betinking fan de Slach by Warns yn 1345 plak op it Reaklif. It wie de fiifensantichste edysje. Der waard min waar foarsjoen troch it KNMI, mar de waargoaden hiene it goed mei de Slach foar en it sintsje lake ús de hiele tiid oan. Dat it folk, dat yn swider mannichte opsetten kommen wie as yn jierren hjirfoar, soe dêr gjin spyt fan krije. Ik haw se net teld mar der wiene grif inkelde hûnderten minsken oanwêzich, mei te tankjen oan it spirituele Frysk en Frij Festival (FrijSia) dat los fan de Slach Betinking dit wykein plakfûn yn in tinte op it klif. It festival wie in inisjatyf fan muzikant Bruno Rummler, tagelyk ek bestjoerslid fan de Warns Stifting. Der wiene njonken de grize koppen fan de tradisjonele efterban in potte nije gesichten by de Betinking, wat hope jout foar de takomst. Lang om let liket de ferjonging en fernijing fan de Betinking op stoom te kommen. “Wy besykje in nije wyn waaie te litten” neffens Rummler, “wy moatte besykje om út ús eigen bubble te kommen.”

Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.

/s3/static.nrc.nl/wp-content/uploads/2026/10/24153423/251026ECO_2037768616_.jpg)