BinnenlandIt Nijs
Twadde Keamer redendielt wer oer (en ek in bytsje yn) it Frysk
De Provinsje Fryslân ûnderhannelet noch wakker mei it Ryk oer de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK). Hjoed woe de Twadde Keamer der ek fannijs – nei it Rûnetafelpetear mei fertsjintwurdigers út de maatskippij yn oktober – gâns wat oer kwyt. Moasjes oer bygelyks mear Frysk op strjitte, twatalige rjochtsaken en it fuortsterkjen fan Frysk yn de media, dêrûnder films en telefyzjerigen, kamen hjoed op it aljemint. Dêr foel sa út en troch wol ris wat mear Frysk by te hearren as dat de Keamerfoarsitter eins noaske. Ferantwurdlik minister Hugo de Jonge fan Ynlânske Saken wol sa njonkelytsen graach trochavesearje mar de winsken fan de Keamer befoarderje net dat it mei de BFTK ynkoarten ta in útdragene saak komt.

Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.