BinnenlandMarssum
Tsjerkenijs novimber
It muoit my dat ik hieltiid faker de nijsberjochten út set, wittende dat de berjochten oar oarloch ferskriklik bliuwe. Net dat it my net ynteresseart, nee; mar ik fyn it hast ûnferdraachlik en it jout my in grut gefoel fan machteleazens. Minsken hingje as teken fan belutsenheid, solidêrens of protest in bepaalde flagge oan it hûs, mar ien fan jimme sei tsjin my: eins moatte wy allegear de flagge healstôk hingje, salang as ûnskuldige minsken om it libben komme. Ik bliuw sizzen dat it grutste part fan alle minsken op ierde fan goede wil is en graach leafdefol en goed libje wol sûnder kwea te dwaan. Mar wy lije allegear ûnder geweld dat de ien de oar oandocht. Ik haw noch gjin flagge oan de pastorij mar ik lit yn mei omgean om in kears foar de frede yn it finster te setten, benammen yn de Advint, mar miskien ek wol foar salang as it nedich is. Kin ik mear dwaan? Ik tink it wol. Alle kânsen dy’t foarby komme om it paad nei frede te gean gryp ik oan: finansjele stipe foar fredesorganisaasjes, gebed, fanút myn gewisse de bêste kar meitsje as ik te stimmen gean, en my wól ferdjipjen bliuwe yn de skiednis én yn it nijs, en net de holle fuortdraaie, net apatysk wurde. Jouwe ús leauwen en de Bibel ek ‘ynput’? Ik tink it wol. Yn ús libbensoertsjûging fine wy geskikte en goede wurden en ferhalen dy’t wy as kompas brûke kinne foar ús libben en foar de wurden dy’t wy kieze en sprekke. Myn machteleazens kin ik allinich mar oerwinne troch dat te dwaan wat yn myn fermogen leit oan frede, omtinken en stipe. Yn myn libben is dat ek: skientme meitsje, bringe en jaan, lykas yn de muzyk, yn de taal en poëzy. Mar ik tink en skriuw fanút de lúkse dat it hjir gjin oarloch is. Myn persoanlik libben stiet net op it spul, ik bin net flechten foar oarloch en ferfolging. Wat ik doch en tink as myn libben wól bedrige wurdt? Dat kin ik net sizze. Ik hoopje dat ik dan net ôfwyk fan myn leauwen en betrouwen, dat ik fêsthâld oan de prinsipes dy’t Jezus my leart: barmhertigens, de neiste leafhawwe, it libben beskermje en net ferjitte dat God alles yn syn hân bewarret. Ik bin benijd wat jim tinken hjirby is? In kears foar frede sil ik keapje en miskien ek wol in moaie flagge foar ‘frede’ krekt as fierderop hjir yn de strjitte ien hinget. As it mar helpt.

Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.

