BinnenlandIt Nijs
Trelit om Boer zoekt Vrouw
Friezen yn en bûten Fryslân hearden raar op doe’t Bernice Jellema yn Sweden yn it tv-programma ‘Boer zoekt vrouw’ en de beide Fryske jongkeardels dy’t in eachje op har hawwe, ynienen op it Hollânsk oergiene, neidat se earder wol Frysk mei-inoar praten. Wêrom, wie it algemiene tinken, moatte yn sa’n programma, dêr’t it benammen om emoasje giet, Fryske dielnimmers Hollânsk mei-inoar prate? As Flamingen op de Nederlânske tv net te ferstean binne, wurde se ûndertitele, mar Friezen moatte har sa te sjen mar ferbrekke, nettsjinsteande dat it Frysk as twadde rykstaal erkend is. Fansels lokke dat reaksjes út.

Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.