BinnenlandIt Nijs
Nederlânsk leger wol Friezen net ferstean
De oefening hat in Ingelske namme Falcon Autumn (“wikelhjerst”) en hâldt yn dat grutte wjukkelmasinen fan it Nederlânske leger mei in protte leven de earste trije wike fan novimber leech oer Noard-Nederlân hinne fleane. Minsken dy’t kleie woene oer it leven en oer kij dy’t fan ‘e skrik troch stekken hinne drave, koene earst mei it leger skilje. RTV Drenthe docht lykwols te witten dat it leger de telefoan net langer opnimt. De reden neffens de Drintske sjoernalisten: “onverstaanbare Friezen”. Hja helje in wurdfierder fan it leger oan en dy seit: “Onze medewerkers konden tijdens deze gesprekken te weinig informatie krijgen.”

Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.
