BinnenlandFriesland Post
Lês-mar-foar-wiken 2026 mei alderearste Tys & Teske-materiaal
Fan 1 oant en mei 25 septimber binne de ‘Lês-mar-foar-wiken’. Mei dy jierlikse kampanje wurdt omtinken frege foar it foarlêzen yn it Frysk oan bern fan 2 oant en mei 8 jier. Dit jier wurdt foar it earst foarlêzen út in ‘Lês-mar-foar-boekje’ fan Tys & Teske. Dat bart op berne- en pjutte-opfanglokaasjes, mar fansels ek thús. Dêrneist hawwe alle berne-opfanglokaasjes en gastâlden dy’t dat oanfrege hawwe in startpakket fan Tys & Teske krigen. It pakket bestiet út it nije knibbelboek, spesjaal ûntwikkele foar pedagogysk professionals, it Tys & Teske-foarlêsboek en poppen fan de beide karakters.

Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.
