BinnenlandIt Nijs
‘Lanlike’ stimstiper yn it Frysk
Langer komt men om yn de stimstipers: StemWijzer, Kieskompas, Kieswijzer 2023, MijnStem, ensafh. Dêrnjonken binne der tematyske stimstipers, lykas de Boderderij Kieswijzer, de KiesWijzerWonen en sels in Cannabis-kieswijzer en in Politieke Sekswijzer; om der mar in stikmannich te neamen. Boppedat biedt it Kieskompas (yn gearwurking mei de regionale omroppen) provinsjale farianten. Dy lykje oars in soad op inoar: net mear as in pear fan de nei foaren brochte stellingen fariearje tusken de provinsjes. Mar it binne op it lêst ek lanlike ferkiezings en der wurdt by it iepenjen fan it stimhelpprogramma earlik oankundige dat it om in ‘vleugje Limburg, Gelderland, Flevoland’ ensafh. te rêden is. En om in ‘bewyske Fryslân’. Want dy stimstiper is der ek yn it Frysk.
Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.
