Direct naar de inhoud

zondag 25 oktober 2026

BinnenlandIt Nijs

Jan Bosgraaf:  Wa’t sûnder sûnde is …

Nee, jo hoege it Bibelferhaal oer de frou dy’t bûten de stringen stapte net te kennen om mei de siswize ‘Wa’t sûnder sûnde is, dy smyt de earste stien’ op ’e hichte te wêzen. Elkenien ken de betsjutting dêrfan. Lykas ek fan de siswize ‘Men kin altyd wol in stôk fine om in hûn te slaan.’ Spitigernôch bart dat lêste om it hurtsje. Net sasear letterlik, al hat de oerheid biterige hûnen wol yn ’e kikert. Nammerste mear bart it figuerlik. It giet dan net om hûnen, mar om minsken. As immen kwea dwaan of krityk jaan wol, fynt er altyd wol in reden. It is in soarchlik ferskynsel, dat him aloan foardocht yn ús maatskippij. It jongste foarbyld is it gedoch yn ’e Partij voor de Dieren oer it hâlden en dragen fan de foarsitter fan de Twadde Keamerfraksje. Dy soe bûten har boekje en oer grinzen hinne gien wêze. Undersyk troch ‘juristen en saakkundigen’ fan bûten ôf wiisde lykwols út dat hja neat ferkeards dien hie.

Lees het volledige artikel bij It Nijs

Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.

Gerelateerd nieuws

Bekijk alles