Direct naar de inhoud

vrijdag 23 oktober 2026

BinnenlandIt Nijs

Jan Bosgraaf: Helden en slachtoffers

No wol ik net beweare, dat ik ferstân fan polityk haw. Want dêr ha ’k net foar trochleard. Mar as earder gemeente-amtner haw ik der wol wat ûnderfining mei opdien. En bytiden tocht ik ek, dat ik it politike spultsje wol yn ’e smizen hie. Om der like faak efter te kommen dat ik it dochs net goed trochhie. Dan koe ik der kop noch sturt oan fine hokker kant oft ien út woe. As it hjoed loftsôf wie, dan koe ’t in wike of moanne letter rjochtsôf wêze. Yn politike rûnten wurdt soks dan motivearre as voortschrijdend inzicht . Mar trije kear rjochtsôf is ek loftsôf. It kin lykwols net oan myn rjochtingsgefoel lizze, dat ik it paad yn it politike lânskip gauris bjuster rekke en reitsje. It is grif in tekoart oan polityk ynfielingsfermogen. No, dêr falt wol mei te libjen en men kin der ek wol âld om wurde.

Lees het volledige artikel bij It Nijs

Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.