Direct naar de inhoud

woensdag 21 oktober 2026

BinnenlandIt Nijs

It Sealterfrysk yn it sintsje

Ut it nije wittenskiplik wurk Saterfriesische Beobachtungen docht bliken dat minsken oer de hiele wrâld belangstelling hawwe foar it Sealterfrysk. It befettet bydragen fan sechstjin saakkundigen op it mêd fan taalkunde en taalûnderwiis. Under har binne Sealterlanners lykas de leararen Edith Sassen en Ingeborg Remmers, dy’t de didaktyske ûnderbouwing fan harren Sealtersk learboek Seeltersk lopt beskriuwe, mar ek de Britsk-Japanske taalkundige Stephen Laker, dy’t it W-lûd yn it Schäddel-dialekt beskriuwt en de Taisk-Beierske ûndersiker Jirayu Tharincharoen, dy’t beskriuwt hoe’t de meiwurkers fan de Sealterfrysktalige Wikipedy it iens binne oer harren eigen staveringsregels.

Lees het volledige artikel bij It Nijs

Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.

Gerelateerd nieuws

Bekijk alles