BinnenlandIt Nijs
It Nijs antysemitysk?
Al in moai skoft ferskine op It Nijs yn de rubryk Ferdivedaasje geregeldwei Hollânske útdrukkingen mei dêrnjonken ien of mear Fryske wjergaders. Om dy wjergaders is it begûn. Soms is dat in letterlike oersetting, mar meastal hat it Frysk in eigen siswize foar sa’n Hollânske útdrukking. Dy lykje spitigernôch út it kolletive ûnthâld wei te reitsjen. Gauris is te hearren en te lêzen dat Friezen fan hjoed-de-dei in Hollânske útdrukking letterlik oersette, wylst dêr wol in Fryskeigene foar bestiet. As Louis van Gaal soks yn it Ingelsk docht ( That’s another cook ) wurdt er dêrom begekke, mar as Friezen blyk jouwe de Hollânske útdrukking better te kennen as de Fryskeigene is dat fansels like bespotlik. Troch geregeld ûnder it kopke ‘Hoe seist dat no yn it Frysk?’ mei foarbylden sjen te litten hoe’t it Frysk yn útdrukkingen faak oare bylden brûkt as it Hollânsk, wol de redaksje in bydrage leverje oan it behâld fan it Fryskeigene.

Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.
