BinnenlandIt Nijs
Goffe Jensma: De bern fan de rekken!
Yn syn boek Exit Fryslân (Noordboek 2022) murk Goffe Jensma op hoe’t in kwetsbere saak as dy fan it ‘Frysk’ ek wurket as in soartemint fan seismograaf. Yn it lytse Fryske fjild fielt men earder guon trillingen dy’t letter ek folle bredere maatskiplike effekten hawwe kinne. Dat jildt bygelyks ek foar it Nederlânsk as fiertaal en as ûnderwerp fan taal- en kultuerstúdzjes oan universiteiten. Rekket it Nederlânsk op ‘t stuit troch de rimpene en hastige feringelsking net krekt sa yn de nederklits as earder it Frysk? Yn in ynstjoerd stik yn Trouw dat ItNijs.frl hjir graach oernimt giet Jensma dêr djipper op yn. It stik is oerset en ek justjes oanpast.
Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.