Direct naar de inhoud

woensdag 21 oktober 2026

BinnenlandIt Nijs

Friezen as Israeliërs

Oarloch giet mank mei propaganda. Yn it konflikt tusken de Israeliërs en de Palestinen wiene it lang de earsten dy’t der it bêste yn slaggen harrensels as de goeien yn byld te bringen Mar  langer komt it ferhaal fan de Palestinen better foar it ljocht. Earder waard dat ek wol besocht, mar de sosjale media spylje no net swak by yn it toanen fan it lijen fan de minsken yn de Gazastripe. Lykwols bliuwt it in yngewikkeld konflikt. Want wat is oarsaak en wat gefolch? De Israeliërs bombardearje de Gazastripe no as reaksje op in grouwélige oanfal troch Hamas. Dy is lykwols net los te sjen fan de histoarje dy’t der ta late dat sa’n militante organisaasje it bewâld oer dat goa krije koe. De essinsje fan dy histoarje komt der koartsein op del dat it lân ôfgryslike bryk ferdield rekke is tusken de beide partijen. Tolve jier lyn hat It Nijs dêr al ris in wiidweidige analyze oer publisearre dêr’t de situaasje  oanskôchlik yn makke waard troch in likenis. Mei Friezen yn de rol fan Israeliërs en Nederlanners yn dy fan de Palestinen. Klik hjir foar dat artikel.

Lees het volledige artikel bij It Nijs

Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.

Gerelateerd nieuws

Bekijk alles