BinnenlandIt Nijs
Fedde Schurerlêzing gearfette
Oan de râne fan Europa is it oarloch, al hast twa jier yn Oekraïne, en sûnt koart ek yn Israel / Palestina. Dêrom stiet de jierlikse Fedde Schurer-lêzing dit jier yn it ramt fan de fraach oft pasifisme noch in opsje wêze kin om de frede yn ’e wrâld te bewarjen, óf te krijen. Is driging en byneed brûken fan militêr geweld needsaaklik, óf kin it ek sûnder? Sûnt it jier 2010 organisearret de Ried fan de Fryske Beweging mei Tresoar, de Fryske Akademy en de Ljouwerter Krante in lêzing oer in tema, dat ferbûn is mei wat Fedde Schurer dwaande hold. Fedde Schurer (1898 -1968 ), dichter / sjoernalist / politikus, wie pasifist op kristlike grûnslach. As sadanich hat er lid west fan ‘Kerk en Vrede’, in feriening dy’t noch hieltyd bestiet. Schurer waard as ûnderwizer op ‘e Lemmer ûntslein fanwegen syn fredesstânpunt. Fan ‘e middei bin ik yn Tresoar yn Ljouwert oanwêzich by de Fedde Schurerlêzing 2023, dy’t as titel draacht: ‘Frede mei alle geweld? Of is pasifisme ek in opsje?’

Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.


