BinnenlandIt Nijs
Emoasjes by Rûnetafelpetear Twadde Keamer oer it Frysk
“Myn hert slacht as in lammesturtsje as ik hear hoe begien oft de Keamer mei ús ynleave Fryske taal is”. Dy wurden fan wethâlder Aant Jelle Soepboer binne yllustratyf foar de emoasjes dy’t bytiden frijkamen by in histoarysk Rûnetafelpetear fan de Keamerkommisje foar Ynlânske Saken oer it Frysk, ôfrûne tongersdei. De fertsjintwurdiger fan de gemeente Noardeast-Fryslân sei dy wurden yn it Frysk en sette se net oer wylst dat eins wol moast foar de oantekens. En dat kaam ek faker foar yn it petear. Habtamu de Hoop (PvdA) en nije Fries Tjeerd de Groot (D66) formulearren harren fragen ek yn it Frysk mar joegen – soms pas nei oantrunen – de oersetting der al by.
Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.

