BinnenlandIt Nijs
‘Do Wieshoaken’ winner fyfde Sealter kroechkwis
Ofrûne freed waard yn Finchen’s Kleiner Pub yn Romelse (Ramsloh) foar de fyfde kear de Sealter kroechkwis spile. Alve teams diene mei. It fêste team ‘Do Wieshoaken’, dat it yn alle eardere edysjes goed dien hat, waard diskear de winner. Tobias Geesen, Michael Eilers, Johannes Münzebrock, Matthias Fugel en Anneke Norrenbrock wiene mei 35 fan de 40 punten mar in heal punt foar op nûmer 2, ‘Hinrichs Wäänte un Wuchtere’, ek fêste dielnimmers oan de Sealter kroechkwissen. Op it tredde plak kaam in ploech dy’t himsels ‘Stammtisch’ neamde, en foar it earst meidie.

Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.
