Direct naar de inhoud

donderdag 29 oktober 2026

BinnenlandIt Nijs

De ferskiklike dea fan twa Lippenhústers (ferhaal)

Op de noch hieltyd moaie en rêstige Heide – in strook heechlân, dêr’t har al hiel lang minsken fêstige hiene – yn ’e omkriten fan de Bûtewei en it Alddjip by Lippenhuzen wennen yn de ein fan de 19de iuw Poai Veenstra en Antsje Meyer, dy’t yn 1842 mei-inoar troud wiene. Poai sil wol arbeider west hawwe, mei sels wat lytsfee en miskien ek wol in pear bistjes yn de efterein fan harren húske. Se hiene allebeide altyd tige warber west en har och sa ynset foar de fiif bern dy’t se krigen. No’t se âld wiene (Poai wie 82 en Antsje 80 jier) moasten se har sûnder de bern rêde, want dy wiene fansels al lang it hûs út. Oan harren iene kant sieten Albert Zandstra en Janke de Boer en oan ’e oare kant Anne Bos en Jouk Jeensma. Albert en Janke wiene de pake en beppe fan Evert Zandstra, de bekende skriuwer dy’t op 25 desimber 1897 dêr berne is. Evert Zandstra, in skoalmaster, hat sa’n 25 boeken skreaun en dêr meie de Lippenhústers wol grutsk op wêze.

Lees het volledige artikel bij It Nijs

Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.

Advertentie

Gerelateerd nieuws

Bekijk alles

Advertentie