BinnenlandIt Nijs
Briefkje (72): Taalflaters, om glimkje of om gûle?
myn prakkesaasjes oer it útsprekken fan jiertallen – twa trijentweintich foar 2023 soe hiel normaal wêze moatte – wie yndied mar in útstapke. De prognoaze fan taalkundige Joop van der Horst is net rjocht útkommen. It giet de measten miskien wol krekt sa’t dichter Arjan Hut it oanfielt: 2000 heart noch altyd as takomst. Yn in berneboekje lies ik datst fan getallen wurden meitsje kinst, mar fan wurden gjin getallen. Wurden kinne dus wat mear as getallen, wie de konklúzje en dêrom moatte wy it mar by taal hâlde. Dêr is it yn ús briefkjen om te rêden en dat is bytiden dreech genôch. Taal as middel om inoar en de wrâld om ús hinne te begripen. Yn dyn brief fan 13 juny seach ik it probleem fan ynkonsekwinsjes yn de taal dy’t ta misbegryp liede kinne. By it besykjen om dat op te lossen of te nuansearjen, kinne wer oare ynkonsekwinsjes ûntstean. Lestich as wy inoar goed begripe wolle. Ferline wike brochtsto it probleem fan misledigjen op it aljemint. Is dat wol in taalprobleem? Mei it kiezen fan oare wurden sil it net oplost wurde. Sels ‘koekjebakker’ kin as skelwurd (as kneukelhouwer of hampelman ) opfette wurde, wylst ‘hampelmantsje’ o sa leafdefol bedoeld is.

Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.