Direct naar de inhoud

zondag 25 oktober 2026

BinnenlandIt Nijs

Briefkje (108): Kultuerferskil

dat wie in nijsgjirrich brief, ferline wike, en ik wol dy graach útlizze watfoar nijsgjirrichs oft ik deryn lêzen haw. It idiomatysk ferskil tusken de Hollânske wurden zonde / schande en de Fryske skande / sûnde sit net allinnich yn myn taalgefoel, want do joust dat ek oan. Dêrom fiel ik my stipe en wol ik noch in stapke fierder gean en ornearje dat der sprake is fan in kultuerferskil. Der binne ek persoanlike ferskillen (mooglik ek groepsferskillen), mar dy lizze mear op it nivo fan de gradaasje yn gefoelswearde. Sûndigje (zondigen) tsjin in foarnimmen is miskien wol spitich (jammer), mar perfoarst gjin sûnde of skande (schande of zonde). Ik doar te sizzen dat dy gradaasjeferskillen yn it Hollânsk suver gelyk binne oan dy yn it Frysk. Yn it Dútsk wurdt schade brûkt foar spitich; ik kom dêrop om’t dat wurd ek in ôfswakking is fan de betsjutting skea (Schaden) . Alwer in kultuerferskil en in gradaasje yn gefoelswearde. Do warskôgest foar misferstannen. Mei rjocht, soe ik sizze, want der wurdt op ’t heden praat oer ûngemakken yn de wege- en huzebou dy’t mooglik feroarsake wurde troch taal- en ynterpretaasjeferskillen. It feit dat meiwurkers (we hawwe it langer net mear oer arbeiders, wol ’k leauwe) by (grutte) bouprojekten ferskillende talen prate, soe liede kinne ta misbegryp en dêrmei ta ûngemakken. ‘Ach zur Schande’, soe ik op syn Dútsk útroppe wolle, want soks liedt ta skea en fertriet. It is mar oppassen mei ynterferinsjes en dy dogge har net allinnich foar tusken it Frysk en it Hollânsk.

Lees het volledige artikel bij It Nijs

Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.

Gerelateerd nieuws

Bekijk alles

BinnenlandActief Media

Marcel Smit brengt De Wâlden naar de Theaterkerk Nes

Op zaterdag 31 oktober komt Marcel Smit met zijn eerste (bijna) solo theaterprogramma “De Wichtersesjes” naar de Theaterkerk Nes. Na een succesvolle première in Burgum neemt hij zijn eigen Friestalige liedjes en de verhalen erachter nu mee...

BinnenlandNieuws.nl

Limonadewesp nipt op 1 in nationale wespentelling

De ‘limonadewesp’ is met een verschil van slechts twintig exemplaren nipt de nummer 1 in de nationale wespentelling van 2026. De top 4 van de telling is identiek aan die van 2025, de graafwespen completeren als nieuwkomer de top 5.