Direct naar de inhoud

dinsdag 20 oktober 2026

BinnenlandIt Nijs

Bouwe de Boer: Plan in plan!

Yn it jier 2000 is in begjin makke mei it Fryske Marreprojekt. In unyk projekt om de wetterrekreaasje op en om de Fryske marren hinne te stimulearjen. It wie bedoeld om de wurkgelegenheid te ferheegjen, it tal bestegingen tanimme te litten en Fryslân as favorite farbestimming te behâlden. Dy doelen brochten in protte organisaasjes byinoar. Dy seagen allegearre it belang fan sa’n mega-ynvestearring yn. Want dat wie it! Omtrint in miljard euro koe útjûn wurde oan tsientallen projekten, oeral yn de provinsje. Mei-inoar bouden se oan de doelstellingen. Der waarden hûnderten kilometers baggele, kanalen ferbrede, fiif akwadukten oanlein en 36 brêgen ferhege. Der kamen fytspaden en sechstjinhûndert oanlisplakken by en fyftjin jachthavens waarden ferbettere. It Fryske Marreprojekt hie in omfang sa’t we yn Fryslân net wend wiene, mar mei genôch ynhâld dêr’t in protte partijen, ek Fryske, har yn fine koene. Gemeenten, Provinsje, De Haach, Europeeske fûnsen, mar ek partijen hjirwei lykas Hiswa, it Wettersportbûn, Wetterskip Fryslân, It Fryske Gea, LTO, Recron, Marrekrite, Steatsboskbehear, de Fryske Miljeufederaaasje en Natuermonuminten. In prestaasje sa’t dy net earder levere wie, leunend op in effektive organisaasje. It wie in skoalfoarbyld foar de oanpak fan grutte útdagingen.

Lees het volledige artikel bij It Nijs

Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.

Gerelateerd nieuws

Bekijk alles