BinnenlandIt Nijs
Baliakin oan kop by NK damjen
Omgong njoggen fan it Nederlânsk kampioenskip op dei 6 fan it NK damjen brocht trije flotte útslaggen, en dat wie yn dit toernoai noch net earder bard. Koprinder Jan Groenendijk spile al frij gau kamp tsjin Jitse Slump. Martijn fan IIzendoorn hantearre in oare taktyk. Mei fluch spul besocht er Wouter Ludwig fan ‘t sintrum te bringen, mar Ludwig hold hoek. Gabriël Heerema spile in bekende iepening, mar op in stuit wiek er ôf, en doe ferlear er al gaueftich in hout. Wouter Sipma wie dêrtroch de gelokkige, en koe sa syn tredde oerwinning byskriuwe. Dêrmei kliuwt Sipma nei in falske start dochs yn ‘e ranglist omheech. Op dit stuit stiet er fyfd.

Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.


