BinnenlandIt Nijs
Arjen J. Dykstra: Dongeradiel yn beweging (2. Nes)
De Theaterkerk wie earder de Grifformearde Tsjerke. It wie de twadde grifformearde tsjerke yn Nes. It earste gebou, út 1887, waard te lyts. Yn 1925 is dit mânske gebou delset. De Halbertsma’s en de Bokma’s de Boer passe sûnder mis yn it profyl fan de leden fan it Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse. Dy oanhing bestie meast út middenstânslju, de liberale boargerij en de yntelligintsia fan doarpsdominys en skoalmasters. Dy ‘elite’ hie it yn de 19 e iuw om Nes en Nijtsjerk hinne foar it sizzen. Nei de lânboukrisis feroare dat. Gerniers en fiskers krigen mear te sizzen. Der waaide doe in oare wyn. In wyn dy’t mear past by it Kristlik Frysk Selskip.

Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.
