BinnenlandIt Nijs
Anne Dykstra: Swanger
Yn it skreaune Frysk sjogge we it wurd swanger noch net sa faak, of is dat al net mear sa? Yn it mûnlinge ferkear binne de Fryske froulju yn alle gefallen meast gewoan swanger en gean se nei swangerskipsgimmestyk en krije se swangerskipsferlof . Dochs is swanger gjin Frysk wurd. It is in Nederlânsk ynslûpsel. Foarmen fan it Nederlânske zwanger komme we yn ûnderskate talen om ús hinne tsjin. It Dútsk hat schwanger , it Deensk svanger en yn it Aldingelsk wie it swongor of swangor . Dy lêste beide foarmen wurde yn de etymologyske wurdboeken ferklearre as ‘loch, stadich, swier yn ’t bewegen’. Yn it Frysk hawwe we swier as ien fan de wurden foar zwanger . Dat slút moai oan by de Aldingelske betsjutting fan swangor .

Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.
