Direct naar de inhoud

donderdag 22 oktober 2026

BinnenlandIt Nijs

Anne Dykstra: Skelle

Wa’t útskolden wurdt, kin werom skelle of de skeller in slach oan ’e kop jaan. Dat lêste hat yn myn gefal, spitigernôch, nea in opsje west, dat ik keas meast foar in tredde mooglikheid. Ik die krekt as koe it my neat skele dat ik útskolden waard. As it lije koe, rôp ik dan: “Skelle, skelle docht net sear!” Soms rôp ik der efteroan: “In skop ûnder de kont, dat jout wat mear!”, mar dat die ik allinnich mar as ik der hiel wis fan wie dat de skeller net yn ’e gelegenheid wie om myn suggestje op te folgjen. Op it skoalplein moast ik dan fansels wol in dei of wat op myn iepenst wêze! Yn ’e measte gefallen is it trouwens ek net wier dat skellen net sear docht. Skellers wolle ommers kwetse en se wite faak presys hoe’t se dat dwaan moatte. Gauris giet it dan om uterlike skaaimerken. Tsjintwurdich falt it wat ta, mar yn myn tiid wie ien mei read hier noch net klear. Dan wie er in Reade ! of in Vuurtoren ! By ús op It Fean wie dat nea fjoertoer , grif om’t wy net sa’n ding hiene en der allinnich yn it Hollânsk oer liezen of hearden.

Lees het volledige artikel bij It Nijs

Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.

Gerelateerd nieuws

Bekijk alles

Binnenlandplusonline.nl

Rondje IJsselmeer

Rondom het grootste meer van ons land barst het van de zomerse hotspots: van het Zuiderzeemuseum in Enkhuizen tot de oneindige Afsluitdijk. 7 hoogtepunten langs de ruim 300 kilometer om het water.