BinnenlandIt Nijs
“Alve fonteinen yn ien dei besytsje? Dat wurdt in wiere besiking.”
Om yn de sfear fan de oersetterij te bliuwen liket it my wol nijsgjirrich en haw it oer de fragen dy’t de redaksje fan It Nijs koartlyn fan in pear lêzers krige: Wat betsjut ‘besytsje’ en wêr komt dat wurd wei? Antwurd: besiten ôflizze of ûntfange . Dat fine we op Frysker en sa stiet it yn de wurdboeken dêr’t Frysker it yn opsiket. Yn it Wurdboek fan de Fryske taal wurdt ‘besytsje’ op 1829 datearre en der stiet by dat it etymologysk fan ‘besite’ komt. Dat it sil wol op it Frânske ‘visite’ weromgean. It heucht my net dat ik it, behalven op It Nijs, ea sjoen en heard haw. Dat kin fansels oan my lizze.

Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.
