BinnenlandIt Nijs
14 jannewaris: Kollaazjefoarstelling yn Bonifatiustsjerke Teridzert
Op sneon 14 jannewaris 2023 sil yn de Bonifatiustsjerke fan Teridzert in epyske kollaazjefoarstelling te sjen en te hearren wêze oer de minsklike oanstriid om de wrâld en de tiid nei eigen hân te setten: Set de tiid stil ( Stop de tijd ). De foarstelling wurdt brocht troch de musisy Margriet Sjoerdsma en Martin Fondse en dichteres Vrouwkje Tuinman mei keamermuzyk, elektroanyske meldijen, oandwaanlike gedichten en licht-absurde lûden.
Je gaat naar de website van de uitgever. Hier tonen we alleen een korte intro.

