
Binnenlandakkrum.net
Pyke Kroes fertelt oer wettersneed yn Lantearnetún Akkrum
De Lantearnetún yn Akkrum krijt op sneintemiddei 5 july 2026 in Frysk karakter mei in optreden fan fertelster en muzikante Pyke Kroes út Terherne. Sy nimt de besikers mei yn in middei fol ferhalen, skiednis en muzyk.


