
BinnenlandGemeente Ferweradiel
Johannes Kramer op ‘e nij ynstallearre as boargemaster gemeente Noardeast-Fryslân
De hear Johannes Kramer is woansdeitejûn ynstallearre foar syn twadde termyn as boargemaster fan Noardeast-Fryslân. Yn in bysûndere riedsgearkomste lei de boargemaster de eed ôf yn hannen fan de Kommissaris fan de Kening, de hear Arno Brok.






